Grinslân...no mei Fryske selfiespot

08 jan 2018 - 12:20

It wie foar guon Grinzers miskien in wat nuver gesicht. Pontifikaal foar harren eigen Martiniplaza stiene moandei ynienen de grutte letters Fryslân, mei in pompeblêd. De letters binne bedoeld as 'selfiespot', en steane foar de Grinzer plaza as promoasjestunt fan de provinsje Fryslân. Takom woansdei is dêr nammentlik in grutte nijjiersbuorrel, organisearre troch de trije noardlike provinsjes.

De letters steane op in grutte truck, en binne net te missen. Neffens RTV Noord sille de grutte Fryske letters guon Grinslanners wol in 'toarn yn it each' wêze.

(advertinsje)
(advertinsje)