Kondoleânseregister Wâldsein

08 jun 2012 - 12:07

Yn de Karmeltsjerke yn Wâldsein wurdt sneon in kondoleânseregister iepene foar it gesin dat tongersdei yn it Italiaanske Conversano omkaam is by in eksploazje. Bernardo Vitto (31) en syn frou Welmoed (33) wiene mei har soantsje fan oardel jier op fakânsje yn Italië. Mooglik is de eksploazje yn har fakânsje-appartemint feroarsake troch in gaslek.

Yn Wâldsein is it doarpsfeest ôfsein. Fierder sykje minsken stipe byinoar om de skok te ferwurkjen, seit dûmny Renske Bosman.

(advertinsje)
(advertinsje)