FIDEO: Ride op natueriis? It kin krekt!

Op de Ryptsjerksterpolder stienen de earste riders moandeitemoarn al op natueriis. Nei twa nachten froast is der in tin laachje iis, fan twa sintimeter. Genôch foar in pear echte fans. Trije manlju doarden it al oan op it stik ûnderstrûpte greide by Ryptsjerk. Omdat it yn de lijte leit, kin dêr faak al betiid riden wurde.
Jochem de Vries fan Gytsjerk wie der moandeitemoarn al betiid by, mar doe koe it noch net. "Ik moast mar even sjen hoe't it derhinne lei. Yn de rin fan de moarn waard it al better, it hie wat trochferzen en doe koe it al. It is wol technysk riden, wat lykwicht en faasje hâlde. Ik ha de fuotten drûch hâlden oant no ta."
Julius Heinz koe it ek net litte om even by it iis te sjen. "Hier en daar stappen we erdoorheen, maar het is wel een lekker gevoel om te rijden. Het is wel heel koud, de wind gaat dwars door je heen."
Herman van der Geest hie ek al it gefoel dat it wolris wat wurde koe mei it riden. "Der is in moaie drûge loft. It bliuwt spannend om te riden op natueriis, mar we rinne hjir gjin risiko hear, we kinne net fersûpe. Yn it slimste gefal in wiete poat. Fielst it iis golvjen ûnder de redens. It is hearlik, ik genietsje derfan."
Foar alle dúdlikheid it iis is net geskikt om der massaal op te riden fansels.