Hynstekeuring Frysk Hynstestamboek is útferkocht

08 jan 2018 - 11:17

De hynstekeuring fan it Keninklik Frysk Hynstestamboek foar kommende sneon is útferkocht. Dat is neffens it KFPS foar it earst. Begjin desimber wie al bekend dat de freedtejûn fan it evenemint yn it WTC Expo yn Ljouwert útferkocht is. Neffens it KFPS is de lêste jierren goed te fernimmen dat it totale evenemint Faderpaard, mei de muzyk- en showjûn Friesian Proms en de tradisjonele hynstekeuring hieltyd populêrder wurdt.

Ut de hiele wrâld komme mear as 25.000 minsken nei it evenemint. Der binne noch wol kaarten foar de tongersdeitejûn.

Omrop Fryslân stjoert de Friesian Proms en de hynstekeuring op freedtejûn en sneon live út op telefyzje en ynternet.

(advertinsje)
(advertinsje)