Sluting finzenismuseum spitich

08 jun 2012 - 11:54

De VVV yn Ljouwert fynt it spitich dat it finzenismuseum yn de Blokhúspoarte yn Ljouwert sletten is. It is neffens de VVV in gemis foar de stêd. It museum wie in toeristyske lûker, seit direkteur Van der Weide. De finzenis is in byldbepalend gebou en mei dêrom is it skande dat it syn funksje as museum ferliest.

De stifting dy't it museum iepenhâlde hat besletten op te hâlden fanwege in skeel mei de behearder fan it gebou, Carex. De frijwilligers binne yntusken begûn meit it ferhúzjen fan it materiaal út de Blokhúspoarte wei.

It museum luts mear as 10.000 besikers it jier út binnen- en bûtenlân.

(advertinsje)
(advertinsje)