Iepenbier Ministearje giet yn kassaasje yn saak De Vrieze

© Omrop Fryslân
It Iepenbier Ministearje hat kassaasje oantekene tsjin de frijspraak fan de 40-jierrige Cafer G. troch it gerjochtshôf Ljouwert ein desimber. De man stie terjochte foar it deadzjen fan syn húsgenoat Michael de Vrieze út Boerum yn 2010. It lichem fan de 45-jierrige De Vrieze is lykwols nea fûn. G. waard yn earste ynstânsje feroardiele ta 12 jier selstraf, mar waard yn heger berop frijsprutsen.
It Iepenbier Ministearje hat kassaasje oantekene om't dat binnen twa wiken nei de útspraak moat, mar is noch net wis oft se it ek trochsette. As dat wol sa is, dan moat de Hege Ried bepale oft de proseduere by it gerjochtshôf yn Ljouwert goed ferrûn is. Is dat net it gefal, dan moat in oar gerjochtshôf de saak op 'e nij behannelje.