Opknapbeurt foar Fogelsangh State yn Feankleaster

08 jan 2018 - 12:00

It bûten Fogelsangh State yn Feankleaster krijt in subsydzje fan goed 77.000 euro fan de provinsje foar restauraasje. Dat is neffens de eigeners hurd nedich. It park is hast twahûndert jier lyn oanlein troch de ferneamde túnarsjitekt Lucas Pieters Roodbaard. De restauraasje is dêrom ek fan histoarysk belang. De iiskelder, hermitaazje, teekoepel en de houten skuorre yn it park wurde ûnder oare opknapt. Graaf Freddy d'Ansembourg is mei syn frou barones Livia van Harinxma thoe Slooten de eigener fan it monumintale Fogelsangh State. Sûnt de bou yn 1646 hat it fan partikulieren west.

Fogelsangh State is in iepensteld partikulier bûten, mar mei him sûnt ôfrûne simmer in folweardich museum neame. It bûten foldocht no oan de lanlike easken fan it museumregister. Dêrfoar is in jier lang yntinsyf wurke oan de kolleksje, de klimaateasken en de luchtfochtichheid. Fogelsangh State is bliid mei de erkenning en grutsk op de belutsen meiwurkers. In lytse groep frijwilligers wurket op it museum, wylst der hieltyd mear besikers komme.

(Advertinsje)
(Advertinsje)