Lintsje foar brânwachtman foar 27-jierrich tsjinstferbân

Taco Machiela krijt syn lintsje © De Vries Media
De 54-jierrige Taco Machiela fan de brânwacht is moandeitemoarn yn de kazerne op It Hearrenfean keninklik ûnderskieden fanwege syn 27-jierrich tsjinstferbân. De Wolvegeaster krige it lintsje lid yn de Oarder fan Oranje-Nassau útrikt troch boargemaster André van de Nadort fan de gemeente Weststellingwerf.
Machiela begûn yn 1989 as lid fan de frijwillige brânwacht yn de eardere gemeente It Bilt, no Waadhoeke, en gie dêrnei nei de brânwacht yn East- en Weststellingwerf. Hy wie pleatsferfanger fan de befelfierder, postkommandant en offisier fan tsjinst.