Stikkene kachel; learlingen Beyers Naudé nei hûs

08 jan 2018 - 10:17

In pear hûndert learlingen fan it kristlik gymnasium Beyers Naudé yn Ljouwert binne moandeitemoarn nei hûs stjoerd fanwege in steuring mei de ferwaarming. De monteur is al te plak, mar it kin noch oeren duorje foardat de kachels wer baarne. Mei elkoar duorret it te lang foardat it gebou foldwaande opwaarme is en dus is it te kâld foar de learlingen.

It giet om it âlde part fan de skoalle, yn de nije lokalen is de ferwaarming wol yn oarder. Foar learlingen dy't net nei hûs kinne, is opfang op skoalle mooglik. Oer de oarsaak fan de steuring kin in meiwurker fan skoalle noch neat sizze.

(advertinsje)
(advertinsje)