Trije Fryske saken op coldcase-kalinder fan de plysje

08 jan 2018 - 09:34

Yn de nije coldcase-kalinder fan de plysje wurdt omtinken frege foar 50 misdiedsaken dy't nea oplost binne, wêrûnder trije út Fryslân. Yn wike 6 wurdt oandacht frege foar de moard yn 1993 op de Ljouwerter Roelof Steinvoorte. Hy waard dea fûn yn syn wenning oan de Troelstrawei. Yn wike 23 stiet de moard op 't Ikeboerke Reinder Lulofs fan Twizelerheide sintraal. Syn stoflik omskot waard yn 1996 fûn yn syn útbaarnde hûs. Al gau die bliken dat by him ynbrutsen wie. Wijtske Bauer-Hiemstra fan Ljouwert kaam yn 1986 net werom fan in jûntsje stappen yn Grins. Har stoflik omskot waard letter fûn yn it Damsterdiep by it doarp Garmerwolde.

Yn alle gefallen kinne tipjouwers in beleanning fan 15.000 euro krije. De plysje hinget de kalinders yn de finzenissen en by de reklassearring. Mooglik folgje meikoarten de tbs-kliniken.

Ferline jier ferfiiffâldige it tal tips mei help fan de kalinder nei 800. Dat dy âlde saken oplost wurde, is neffens wurdfierder Ron Reinds belangryk foar de famylje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)