Kollum: "De legacy fan Eastermar"

08 jan 2018 - 08:55

"Legacy; ik hie noch nea fan it wurd heard. Ast it letterlik oersetst, betsjut it 'nalatenschap', oftewol: datjinge dat oerbliuwt. It wurd legacy wurdt de lêste tiid oeral brûkt as it giet om Ljouwert Fryslân Kulturele Haadstêd 2018. Yn dat ramt betsjut it wurd legacy dat Kulturele Haadstêd ek op langere termyn, dus fier nei 2018, noch foardielen opsmite moat foar de regio.

Ik moast deroan tinke doe't ik al dy minsken yn Eastermar seach ôfrûne freed. Freedtemiddei krekt foar seizen wie it dan lang om let safier: de winners fan de Postcode Loterij yn Eastermar hearden hoefolle harren lot wurdich wie. En fansels siet ik der plat foar. En net allinnich freed, mar hast de hiele wike folge ik it 'wel en wee' fan de bewenners fan Eastermar. Wa't wol en net in lot hie, hoe senuweftich elkenien al wie en oft der al rivalisearjende kampen wiene. As siet ik foar de Fryske fersy fan Utopia.

En ik net allinnich: hiel Nederlân folge it miljonêrsspektakel yn Eastermar. Dêr't in wike lyn mei in bytsje lok ien fanatike Triviant-spiler wist dat dit it berteplak fan topmodel Doutzen Kroes is, witte alle Hollanners no wêr't 'Iestermoahr' leit. De RTL-filmploech liet ús yn koarte tiid yn de kunde komme mei hast alle 1300 ynwenners. Mei de twa kapsters, de fiif timmermannen, trije elektrisiens en dy iene André Hazes yn de dop: sjonger Johan.

Yn rekôrtempo lutsen se dêr op de RTL-redaksje boppedat in blik Bekende Friezen iepen, dêr't my de mûle fan iepen foel. Fan ús populêre knuffel-Fries Piet Paulusma oant presintator Sipke Jan Bousema, dy't we eins by fersin sels al in bytsje ferjitten wiene. En fan de gouden strôtsjes fan Tim Douwmsa en Elske de Walle oant Steven de Jong, ús eigen Fryske Quentin Tarantino. En stik foar stik fertelden al dy BF'ers hoe prachtich it is om út Fryslân te kommen.

Dizze iene wike wie my in stik Fryslân promoasje fan 'heb ik jou daar'. Better koene wy as provinsje net yn byld komme. Hiel Nederlân koe sjen hoe moai't it hjir is, hoe noflik de minsken en hoe't wy inoar wat gunne ek al hawwe wy sels gjin lot. Wat dat oanbelanget hiene we gjin better doarpke treffe kinnen as Eastermar. Gjin buorlju mei spul, mar tegearre in bierke drinke op it lok fan in oar. De Eastermarders lieten sjen dat wy Friezen miskien in lyts bytsje in aksint ha, 'maar dat soks helendal niets geeft.'

Mar boppedat lieten al dy 1300 Eastermarders sjen dat wy Friezen noch altyd it meast nochtere folk op ierde binne. Yn plak fan te fantasearjen oer dikke villa's of djoere fakânsjehûzen yn it bûtenlân, dreamde elke priiswinner hiel foarsichtich fan in nije badkeamer. Miskien, hiel miskien in nije keuken. Of, no ja, omdat it no toch kin, in lyts oanboutsje by it hûs. In nij klompehokje. Mar mâler moat it net wêze. Foar gjin miljoen sille wy hjir yn Fryslân njonken de skuon rinne.

Alle boubedriuwen, ynstallaasjemonteurs, badkeamer- en keukeboeren yn en rûnom Eastermar kinne har dus mar klear meitsje, want der wurdt de kommende jierren hiel wat ferboud dêr. Fergelykje dat ris mei de miljoenen dy't yn Kulturele Haadstêd pompt binne en dêr't we hoopje ea noch wat fan dat jild werom te sjen. Eastermar bewiist dat it ek oars kin. Dat jo gjin miljoenen nedich hawwe om jo ryk te fielen. En dat beskiedenheid him dûbel en dwers werombetellet. Sjoch hjir: de legacy fan Eastermar."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)