Hillichferklearring pater Titus in stap tichteby kaam

08 jan 2018 - 08:33

Der wurdt al hiel lang oer praat, mar it liket derop dat de hillichferklearring fan pater Titus Brandsma fan Boalsert no echt in stap tichteby kaam is. De Amerikaanske pryster Michael Driscoll fan de St. Jude Catholic Church yn Boca Raton, hat sein dat hy mei help fan Brandsma genêzen is fan kanker. Sa'n wûnder is nedich foar in hillichferklearing.

It ferhaal fan Driscoll is troch in spesjale kommisje ûndersocht. Sa'n kommisje sjocht nei hoe djip Driscoll yn syn ferhaal leaut. De befiningen fan de kommisje binne trochstjoerd nei it Vaticaan, dêr't de paus úteinlik it beslút nimt. Brandsma waard yn 1985 al sillich ferklearre. Neffens pastoar Henk Nota fan Sint-Nyk is it tige wichtich dat der wer beweging yn de diskusje sit. "Wy hoopje dat dit oanlieding is om it proses wier te begjinnen." ​De earste oanset is no dien, mar it kin noch wol eefkes duorje foar't it proses folslein klear is, sa fertelt Nota, want doe't Titus sillich ferklearre waard, wie de ferklearring hjirfoar yn febrewaris 1985. It hat dêrnei noch oant novimber 1985 duorre foar't er yndie sillich ferklearre waard.

Pater Titus wie in fûle tsjinstanner fan de nazi's en ferstoar yn de Twadde Wrâldoarloch yn in konsintraasjekamp. Brandsma rôp op ta frijheid fan mieningsutering, neisteleafde en frede. "Pater Titus is al hillich foar ús," seit Nota, "it is wichtich foar ús dat dit befêstige wurdt."

(advertinsje)