Boateferkeap lûkt wer oan, benammen nei East-Europa

08 jan 2018 - 08:11

It giet goed mei de ferkeap fan jachten, benammen nei it bûtenlân en dan benammen nei East-Europeske lannen en Ruslân. Dat is hurd gien, want yn 2015 rekken minsken harren boatsje oan de strjitstiennen net kwyt. In soad minsken woene doe fanwege de krisis graach fan harren djoere boat ôf, mar der wie net ien dy't keapje woe. No't it ekonomysk sjoen wer better giet, wurde der in soad boaten ferkocht.

Opfallend genôch wurde in soad boaten ferkocht oan it bûtenlân. Dy witte ús lân te finen fanwege de kwaliteit en de service. Neffens Sjoerd Kampen fan jachtmakeler Goliath poetse wy krekt wat hurder as de Frânsen. Allinnich de Dútsers dogge it better, mar wy binne Europeesk sjoen in goeie twadde.

It giet neffens Kampen om boaten fan 1000 euro oant in ton dy't ferkocht wurde. Dat hat te krijen mei de bettere ekonomy, mar ek om't Nederlân hiel Europa as merk sjocht en dêr goed op ynspilet.

Trefwurden: 
boaten ferkeap jachten
(advertinsje)
(advertinsje)