Dûnsles spesjaal foar minsken mei Parkinson

08 jan 2018 - 07:37

Yn Ljouwert kin it al trije jier, mar minsken mei Parkinson kinne fan moandei ôf rûnom yn Fryslân telâne foar dûnslessen. Yn Drachten, It Hearrenfean, Dokkum, Boalsert, Snits en Harns wurde tenei dûnslessen foar Parkinsonpasjinten hâlden. Dat is mooglik mei tank oan in provinsjale subsydzje fan 60.000 euro.

Foar it Dansen op Recept bestiet neffens inisjatyfnimmer Marlien Seinstra in soad belangstelling. ''It is foar minsken mei Parkinson hiel wichtich om te bewegen. Mei dûnsjen is dy beweging hiel ûntspannen'', seit Seinstra. Se hat 5 minsken oplaat as dûnslearaar. It is foar minsken mei Parkinson in grutte stap om harren oan te melden, mar it binne neffens Seinstra hiel trouwe besikers fan de lessen. ''Se komme sa ek yn de kunde mei oare minsken.''

(advertinsje)
(advertinsje)