Eksploazjes by bedriuw yn Snits

08 jan 2018 - 06:44

De brânwacht fan Drylts moast sneintejûn yn aksje komme nei meardere eksploazjes by it bedriuw Graphic Packaging. It bedriuw sit oan de Steenhouwersstrjitte yn Snits. In tsjettel mei termyske oalje wie de oarsaak fan de eksploazjes. De tsjettel moat de masines fan it bedriuw waarm hâlde. 

Om 7 oere jûns hinne krige de brânwacht de earste melding dat der wat mis wêze soe by Graphic Packaging, mar doe't sy by it pân oankamen koene se neat fine. Op wei werom nei de kazerne kaam der melding fan in eksploazje. De brânwacht kaam fluch wer werom, en hie it fjoer al gau ûnder kontrôle, al wiene der noch inkele eksploazjes yn de tsjettel om't dy dreech koel te krijen wie.

Trefwurden: 
brânwacht Eksploasje Snits
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)