UNIS Flyers wint ek fan Laco Eaters

07 jan 2018 - 21:03

De iishockeyers fan UNIS Flyers ha de meunsterskoare fan sneontejûn (9-1 tsjin de Amsterdam Tigers) in goed ferfolch jûn. Yn de útwedstriid yn de BeNe-league tsjin de Laco Eaters út Geleen waard it 4-0 (0-1, 0-0, 0-3) foar de Feansters. Foaral in de tredde perioade wiene de Flyers folle better as de tsjinstanner.

De thúsploech koe yn de earste perioade lang bybliuwe. It waard nei tsien minuten 1-0 foar de Flyers fan trainer Mike Nason troch in goal fan Pippo Limnell. Dat wie ek de einstân fan de earste perioade. De twadde perioade wie fan beide kanten net goed. Beide ploegen hiene te krijen mei in soad straffen. De ferskate powerplay situaasjes smiten allinnich gjin goal op.

Yn de tredde perioade makken de UNIS Flyers it ferskil. Earst wie it Adam Bezak dy't de 2-0 makke. Net folle letter stie it ek al 3-0, troch in goal ûnder in powerplay fan opnij Pippo Limnell. Bezak woe net efterbliuwe, en de Slowaak makke der mei syn twadde rap 4-0 fan.

Takom wike snein spylje de Flyers yn it Belgyske Herentals tsjin HYC.

(advertinsje)