Skûtsjes sykje bemanning

07 jan 2018 - 20:23

Takom jier meistride om it kampioenskip fan de SKS? It kin samar. Der binne op dit stuit twa skûtsjes út de SKS dy't op sosjale media op syk binne nei nije bemanningsleden. It binne de Sneker Pan, fan skipper Jappie Visser, en d'Halve Maen fan Klaas Westerdijk.

Jappie is takom jier foar de earste kear as skipper aktyf op de Sneker Pan. Hy skriuwt dat dat betsjut dat er ek op it skip feroarings komme. Dêrom siket hy nije minsken, oanpakkers, dy't sûn binne en har ferstân brûke. Minsken kinne harren by skipper Jappie Visser melde foar mear ynformaasje.

Ek Klaas Westerdijk fan Boarnsweach is op syk nei nije bemanningsleden. Hy wie ferline jier foar de earste kear aktyf as skipper yn de SKS. Hy skriuwt dat er wettersporters en teamplayers siket dy't sterk en sûn binne. Minsken dy't hjir wol foar in oanmerking komme wolle, kinne harren melde by skipper Klaas Westerdijk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)