Houten poppen út De Rottefalle fernield

07 jan 2018 - 19:09

De latten poppen dy't bern út De Rottefalle ferline simmer makke hawwe foar it nije doarpshûs/multyfunksjonele sintrum 'It Werflân' binne fernield. Der fernielingen fûnen yn etappes plak yn de krystfakânsje. De bern makken de poppen by it ôfskied fan harren skoalle en de oergong nei de nije skoalle yn it MFS. Se hongen oan it hek by de pannakoai.

By de fernielingen binne in tal fan de planken mei de dêrop skildere poppen midstwa brutsen en ferbrând. Joop Mast, foarsitter fan de Stichting Dorpshuis Rottevalle, wit net wa't ferantwurdlik is foar de fernielingen. Hy tinkt dat it mooglik wurk fan skoalbern is. Mast hopet dat tips út it doarp ljocht op de saak smite kinne.

(advertinsje)
(advertinsje)