Houkje Rypstra nimt it op foar partijgenoat Moorlag

Eks-wethâlder Houkje Rypstra fan Tytsjerksteradiel fynt dat har partijgenoat William Moorlag fiersten te hurd oanpakt wurdt. Moorlag leit ûnder fjoer omdat hy as direkteur fan sosjale wurkfoarsjenning Alescon yn Drinte, minsken oan it wurk hie fia saneamde 'schijnconstructies'.
Op dit stuit is Moorlag Twadde Keamerlid fan de PvdA en in soad partijgenoaten fine dat hy opstappe moat fanwegen dy 'schijnconstructies'. Rypstra hat bestjoerslid west fan in sosjale wurkfoarsjenning en wit hoe't ien en oar wurket. Neffens har is de PvdA hiel benaud foar de publike opiny en is Moorlag dêr no de dupe fan. Rypstra die har útspraken yn it radioprogramma Buro de Vries dêr't yn diskusjearre waard oer de posysje fan Moorlag.