Ljouwert is hot en fabulous

07 jan 2018 - 16:48

Ljouwert is hot. De stêd is opnaam yn in saneamde hotlist fan moaie fakânsjebestimmingen fan de Ingelske krante The Guardian. Oare plakken binne it Italiaanske Palermo, de Georgyske haadstêd Tbilisi en Grikelân.

Dat komt benammen om't Ljouwert yn 2018 Kulturele Haadstêd is, sa seit de krante. Foar toeristen binne eksposysjes oer Mata Hari en MC Escher ynteressant sa wurdt der skreaun, en ek wurdt it projekt mei de alve fonteinen ûnder de oandacht brocht troch de Ingelsen.

(advertinsje)
(advertinsje)