Daan Breeuwsma pakt Nederlânske titel shorttrack

07 jan 2018 - 16:25

Daan Breeuwsma is op Thialf Nederlânsk kampioen shorttrack wurden. De Akkrumer waard yn de ôfslutende superfinale twadde, en dat wie genôch foar de titel. Twadde waard Itzhak de Laat út Ljouwert. It tredde plak wie foar de ferrassing fan it toernoai, de noch mar 18-jierrige Jasper Brunsmann fan Twellingea.

Troch in blessuere oan syn ljisk die Sjinkie Knegt fan Bantegea net mei oan de superfinale. Dêrtroch wie ek útskeakele foar in poadiumplak yn it algemien klassemint.

By de froulju waard Yara van Kerkhof Nederlâns kampioen, foar Avalon Aardoom. Lara van Ruijven waard tredde. Beste Friezinne wie Rianne de Vries op it sechsde plak.

Olympyske Spelen

Troch syn goeie prestaasjes fan snein hat Breeuwsma him nei alle gedachten pleatst foar de 500 en de 1000 meter op de Olympyske Spelen. Hy wûn de 1000 meter en waard twadde op de 500 meter op it NK. Tiisdei wurdt offisjeel bekend makke wa't de lêste dielnimmer op dizze ôfstannen is, mar dat liket dus Breeuwsma te wurden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)