Marrit Leenstra mei Nederlân nei Europeeske titel

07 jan 2018 - 15:10

De Nederlânske froulju binne sneintemiddei Europeesk kampioen op de ploege-efterfolging wurden. Op de EK ôfstannen yn it Russyske Kolomna wiene it Marrit Leenstra, Melissa Wijfje en Lotte van Beek dy't de winnende tiid fan 2.59.34 delsetten. Dêrmei wiene de froulju de iennichste dielnimmers dy't ûnder de 3 minuten rieden. 

Ruslân waard twadde yn 3.01.88, Dútslân tredde yn 3.05.03.

(advertinsje)
(advertinsje)