FIDEO: Histoarysk lykspul kuorballers LDODK

Foar it earst yn seis jier hat LDODK op it heechste nivo lykspile tsjin PKC út Papendrecht. Fan de alve kear dat se inoar troffen, gie de winst njoggen kear nei PKC. Allinnich yn desimber 2014 gie de winst nei de Gordyksters mei 23-17. Jan Sjoerd Pool wie doe de trainer. Sûnt dy tiid hawwe de Papendrechters net ien reguliere kompetysjewedstriid wer ferlern. Ynklusyf dit lêste lykspul is PKC no al 56 duels sûnder ferlies. LDODK is de earste ploech dy't dit seizoen in punt pakt tsjin PKC.