Arla: gjin Friesche Vlag mear

08 jun 2012 - 10:47

Suvelûndernimming Arla Foods hâldt op mei it brûken fan de merknamme Friesche Vlag. Op de deifarske produkten lykas molke, brei, fla en yochert waard dat merk brûkt. Fan augustus ôf set Arla it âlde merk Melkunie wer op de pakken.

Troch de fúzje fan Friesland Foods mei Campina moast it merk Friesche Vlag yn opdracht fan Brussel ôfstjitten wurde oan Arla. Dat bedriuw hie tsien jier it rjocht om it merk te brûken. Op de kofjemolke en oare hâldbere suvelprodukten bliuwt wol de namme Friesche Vlag. Dat merk is eigendom fan FrieslandCampina.

(Advertinsje)
(Advertinsje)