Man rydt troch nei ûngelok

© Omrop Fryslân
De plysje fan Boalsert siket tsjûgen fan in oanriding op woansdeitemoarn wêrby't in frou ferwûne rekke en de feroarsaker trochried. It slachtoffer (25) ried op har fyts en waard op de Bargefenne oanriden troch ien yn in donkerblauwe auto. Dy kaam út in parkearfak en hat de frou nei alle gedachten net sjoen.
De bestjoerder fan de auto ried nei it ûngelok troch. Troch de fal rekke de frou efkes út de tiid. Letter die bliken dat se in harsenskodding oprûn hie. De plysje freget minsken dy't wat sjoen ha oft se har melde wolle.
Wa't wat sjoen hat kin de plysje belje op 0900-8844 of op 0800-7000 (anonym).