Plysje ûndersiket en beoardielet hardershûn Goutum

De plysje sil de hardershûn, dy't sneon by de skiep yn Goutum yn it lân wie, ûndersykje en beoardielje. Der sil kontakt wêze mei de skieppeboer en de eigeners fan de hûn. Freed en sneon binne trije skiep deabiten nei in oanfal fan wierskynlik in hûn. De boer die freed oanjefte, mar hie doe noch gjin idee hokker hûn dit dien hie. Doe't sneon in kameraploech fan Omrop Fryslân by de skiep stie te sjen, wienen der minsken har hardershûnen oan it útlitten.
Skiep yn sleat lutsen
Ien fan de hûnen draafde los yn it lân en gie achter de skiep oan. Hy pakte ien skiep en luts it yn de sleat. It filmke fan Omrop Fryslân ropt in soad reaksjes op. It is troch in protte minsken besjoen en tsientallen kearen dield op social media.
De eigeners fan de hûn binne der bot fan oerstjoer en nimme harren ferantwurdlikheid rjochting de belutsen boer, sa litte se witte.