Goed besette seal by Fryske Jûn yn Amsterdam

Sa'n 3.000 muzykleafhawwers wienen sneon by de Fryske jûn yn de konsertseal AFAS live yn Amsterdam. Dêrmei wie de seal goed beset. Fryske artysten as Vangrail, Piter Wilkens, Gurbe Douwstra, de Kast en Elske DeWall stienen op it poadium. De organisaasje, Icons of Pop út Volendam, is tefreden oer it besikersoantal. De measte taskôgers kamen út Fryslân, mar der wienen ek in protte minsken út de rest fan Nederlân.
Raynaud Ritsma, sjonger fan Vangrail: "It wie in geweldige jûn, wat in sfear! Wy krigen hûnderten reaksjes op ús Facebookside, de minsken kamen oeral wei." It plan is om de Fryske Jûn takom wer te organisearjen. It is net wis oft it dan wer Amsterdam wurdt; der wurdt ek tocht oan Thialf.
It wie foar it earst dat meardere Fryske artysten yn sa'n grutte seal bûten de provinsje stienen. Omrop Fryslân stjoerde de Fryske Jûn sneon live út op de radio.