Enkête: wat fynsto fan de polityk yn dyn gemeente?

07 jan 2018 - 13:00

Feiligens op strjitte, âldereinsoarch en parkearbelied. It binne mar inkelde ûnderwerpen dêr't dyn gemeente ferantwurdlik foar is. Oer twa moannen giet in grut part fan de Friezen nei de stimbus, om in nije gemeenteried te kiezen. Allinne yn Súdwest-Fryslân, Waadhoeke, Ljouwert en de takomstige gemeente Noardeast-Fryslân bart dit net. Mei de gemeenteriedsferkiezingen kin it ferskil makke wurde. De iene politike partij wol bygelyks mear ynsette op iepenbier ferfier, wylst de oare ynvestearje wol yn it ûnderwiis.

Mei de oankommende ferkiezingen wolle Omrop Fryslân en de NOS graach witte wat foar dy wichtich is. Hokker ûnderwerpen moatte fuortendaliks oanpakt wurde yn dyn gemeente, en wêrom? Bisto op de hichte fan wat der yn de gemeente spilet, en hasto fertrouwen yn de gemeentepolitisy? Fertel ús dêrom hoesto tinkst oer de gemeente en gemeentepolityk. Doel fan de enkête is in better byld te krijen fan wat der libbet. Dit wolle wy graach brûke yn ús berjochtjouwing nei de ferkiezingen ta.

Diel dyn ûnderfining en doch mei oan dit publyksûndersyk. Dêr fynsto in koarte fragelist oer de gemeente en gemeentepolityk.

(advertinsje)
(advertinsje)