Ferfelende Ljouwerter (19) mei mes oanhâlden

07 jan 2018 - 08:07

De plysje hat sneontenacht yn de stêd in 19-jierrige Ljouwerter oanhâlden. De man wie op it Ruterskertier út in hoarekasaak set, om't er ferfelend wie. Fanwegen syn gedrach waard er net folle letter troch de plysje oanhâlden.

Doe't dy him fûillearren, die bliken dat de man ek noch in mes by him hie. Tsjin de 19-jierrige Ljouwerter waard dêrop proses-ferbaal opmakke.

Trefwurden: 
plysje Ljouwert mes
(advertinsje)
(advertinsje)