Brânwacht útriden foar keukenbrân yn Nijeholtpea

07 jan 2018 - 07:31
Foto: De Vries Media

De brânwacht moast sneontenacht útride foar in brân yn in wenning oan de Tsjerkewei by Nijeholtpea. Yn de keuken fan de wente wie brân útstien, en derby kaam in soad reek frij. Om't der mooglik noch minsken yn de wenning wienen, hat de brânwacht opskaald nei in middelbrân. By oankomst die bliken dat der gjinien mear yn it hûs wie.

De brânwacht hie it fjoer dêrnei gau ûnder kontrôle. Oer eventuele skea oan de wenning is neat bekend. Hoe't it fjoer krekt ûntstean koe, is ek net dúdlik.

Trefwurden: 
Nijeholtpea brân brânwacht
(advertinsje)
(advertinsje)