Danny Noppert wint foarrondewedstriid op Lakeside

06 jan 2018 - 23:37

Darter Danny Noppert hat sneontejûn in ienfâldige oerwinning behelle yn syn foarrondepartij op Lakeside. De Jouster wûn mei 3-0 yn sets fan de Amearikaanske Joe Chaney. Noppert kaam gjin momint serieus yn de problemen, útsein yn de tredde set. Tsjinstanner Chaney miste dêryn ien pylk foar de set, wêrnei't de Jouster dien wurk makke. Troch de winst sneontejûn komt Noppert moandeitemiddei wer yn aksje by de Lakeside Country Club, yn it Ingelske Frimley Green. Richie Edwards fan Wales is dan syn tsjinstanner; Edwards ferfangt de sike James Hurrell.

Danny Noppert is op dizze edysje fan it Lakeside World Darts Championship net ien fan de pleatste spilers. De Jouster stie foarich jier noch yn de finale, mar hat dit jier net in soad toernoaien smiten by it BDO-bûn. Dêrom moat Noppert dit jier yn de foarronde fan Lakeside begjinne. Trije wiken lyn wûn hy noch wol syn earste telefyzjetoernoai, de Finder Darts Masters.

(advertinsje)
(advertinsje)