Meunsterskoare foar UNIS Flyers yn jubileumwedstriid

06 jan 2018 - 22:54

UNIS Flyers hat sneontejûn it fyftichjierrich bestean fan de klup opfleure mei in grutte oerwinning. De Feanster iishockeyers wiene yn de earste kompetysjewedstriid fan it nije jier fierstente sterk foar Amsterdam Tigers. Op It Hearrenfean waard it mar leafst 9-1 foar de ploech fan trainer Mike Nason.

Foarôfgeand oan de wedstriid waarden UNIS Flyers-oprjochters Frans en Freek Bijlsma beneamd ta eareleden fan de klup. Dêrnei begûn it thústeam goed oan de wedstriid. Ronald Wurm sette syn ploech al betiid op foarsprong. Dat wie fuortendaliks ek de einstân fan de earste perioade.

Yn de twadde perioade makke John Versteeg fan de Amsterdammers noch lyk, mar dêrnei wie it ien en al UNIS Flyers dat de klok sloech. De Feansters rûnen út nei in foarsprong fan mar leafst 7-1, wêrnei't de twadde perioade dien wie. Yn de tredde perioade wreide UNIS Flyers de skoare noch út nei 9-1.

Snein spilet UNIS Flyers de útwedstriid tsjin Geleen.

(advertinsje)