Romme oerwinning foar kuorballers SCO op Tweemaal Zes

06 jan 2018 - 22:34

De kuorballers fan SCO hawwe sneontejûn de kompetysjewedstriid tsjin Tweemaal Zes út Maartensdijk mei dúdlike sifers wûn. De partij yn de haadklasse, dy't ôfwurke waard yn sportsintrum De Steense yn Wolvegea, einige yn in 29-18 oerwinning foar de ploech út Aldeholtpea.

By rêst stie de thúsklup al op in komfortabele foarsprong fan 15-10. Yn de twadde helte boude SCO de skoare noch fierder út en stapte úteinlik mei 29-18 fan it fjild.

Trefwurden: 
SCO Tweemaal Zes kuorbal
(advertinsje)
(advertinsje)