Stroetinga wint maraton yn Thialf, Groenewoud op plak twa

06 jan 2018 - 22:04

De tsiende maraton fan it seizoen is by de manlju wûn troch Arjan Stroetinga. De reedrider út Wynjewâld wie sneontejûn op it iis fan Thialf ûnder oaren klassemintslieder Sjoerd den Hertog en Robert Post, de nûmers twa en trije, te fluch ôf. Foar Stroetinga wie it syn 55e oerwinning op keunstiis.

By de froulju wie Irene Schouten de bêste fan it peloton. Bêste Fries wie Marijke Groenewoud út Hallum, ploechgenoate fan Schouten. Sy einige achter Schouten op it twadde plak, krekt foar nûmer trije Lisa van der Geest. Groenewoud makke har debút nei de sykte fan Pfeiffer.

Jade van der Molen fan It Hearrenfean kaam as sechsde oer de streek en stiet no op it twadde plak yn it jongereinklassemint.

(advertinsje)
(advertinsje)