Kuorballers LDODK spylje thús lyk tsjin koprinner PKC

06 jan 2018 - 21:50

LDODK hat sneontejûn de earste kompetysjewedstriid fan 2018 tsjin koprinner PKC út Papendrecht lyk spile. Yn sportsintrum Koartsweagen gie de wedstriid tusken de nûmers trije en ien fan de kuorbal league hieltyd lyk op en dus wie in lyk spul úteinlik in logysk gefolch. It waard op De Gordyk 26-26.

LDODK en PKC wiene bot oanelkoar weage. De rêststân fan 12-12 joech dat ek oan. Yn de twadde helte ûntrûnen beide ploegen inoar opnij net in soad. It bleau de hiele wedstriid spannend. PKC like krekt foar de ein de oerwinning derút te slepen, mar Tim Flokstra makke dochs noch de lykmakker. Foar de ploech fan trainer Erik Wolsink wie Marjolijn Kroon op skot mei sân doelpunten.

Opmerklik is dat PKC no al 56 reguliere wedstriden yn de kuorbal league net ferslein is. De lêste nederlaach wie op 21 desimber 2014 mei 23-17 tsjin ... LDODK, mei trainer Jan Sjoerd Pool.

Troch it lyk spul bliuwt LDODK tredde en PKC earste. Oare wike sneon spilet LDODK yn Nijeveen tsjin DOS'46.

Trefwurden: 
LDODK PKC kuorbal
(advertinsje)
(advertinsje)