Jobbegeaster bedriget mem

08 jun 2012 - 10:32
Oanhâlden - Foto: Omrop Fryslân

In Jobbegeaster (23) is tongersdeitejûn oppakt, omdat er earder syn mem slim bedrige hie en ek omdat er mei tefolle drank op achter it stjoer siet. De plysje wie tipt oer de bedriging en kaam by de man thús om dy tip te ûndersykjen.

Buertbewenners fertelden dat de man tefolle op hie en dat er koart dêrfoar ek noch riden hie. Hy moast in blaastest dwaan en is dêrnei meinaam nei it buro. Dêr is er fêstset fanwege it bedriigjen fan syn mem.

Trefwurden: 
Jobbegea drank bedriging
(Advertinsje)
(Advertinsje)