Basketballers Aris mei grutte sifers ûnderút tsjin Den Bosch

06 jan 2018 - 21:40

Aris is it nije jier net goed begûn. Yn de earste wedstriid fan it jier wiene de Ljouwerters in pear maatsjes te lyts foar Den Bosch. Earder dit seizoen waard it yn Den Bosch 88-47 foar de Brabanners en ek no rûn de ploech fan trainer Tony van den Bosch mei in grutte nederlaach fan it fjild: 99-48.

Nei ien kwart spyljen stie Den Bosch al mei 24-14 foar. Dy foarsprong wreiden de gasten yn it twadde kwart út nei 51-28. Nei it skoft gie Den Bosch fleurich fierder wêrmei't it opholden wie. De ploech rûn yn it tredde kwart út nei 78-41 en makke der oer de hiele wedstriid sjoen úteinlik krekt gjin hûndert.

Oare wike sneon giet Aris op besite by Leiden.

Trefwurden: 
Aris Den Bosch basketbal
(advertinsje)
(advertinsje)