Frachtwein út Boalsert belutsen by slim ûngelok yn Grinslân

06 jan 2018 - 19:50

In frachtwein fan it bedriuw Melkweg Fritom út Boalsert wie sneontejûn belutsen by in slim ûngelok op de N355 yn Noordhorn. By it ûngelok rekke in autobestjoerder swier ferwûne. De sjauffeur fan de frachtauto, in 45-jierrige man út Ulrum, is net ferwûne rekke.

De helptsjinsten rieden manmachtich út. De brânwacht moast deroan te pas komme om in ynsittende út de auto te heljen. De 72-jierrige man út it Drintse Vries siet beknipe en waard letter troch de ambulânse nei it sikehûs brocht.

Ek de traumahelikopter waard ynskeakele. Nei ûndersyk hat bliken dien dat de auto op de ferkearde helte fan de dyk telâne kaam wie, en doe yn botsing kaam mei de frachtwein.

(advertinsje)
(advertinsje)