Berltsumers easkje harren stedsrjochten op yn Frjentsjer

Berltsumers easken sneon harren stedsrjochten op yn in stikje teater foar it Martenahûs yn Frjentsjer. Neffens de oerlevering soe Berltsum dizze rjochten yn 1355 fuortjûn ha oan Frjentsjer. De rjochten waarden opeaske ûnder lieding fan Bauck van Hemmema. Dizze Fryske frijheidsstridster waard yn it stik spile troch aktrise Jantien Hoekstra.
Doel fan de ludike aksje wie omtinken te freegjen foar it doarp, dat no by de gruttere gemeente Waadhoeke heart, én it ynsammeljen fan jild. Dat jild is bedoeld foar muzykferiening OpMaat, dy't ôfrûne simmer troffen is troch in brân, en foar it noch te bouwen multifunksjoneel sintrum.
De stedsrjochten waarden rinnendewei nei Berltsum tabrocht. Dêr wie noch in sportgala, in trailrun en in nijjiersresepsje.