Mei 135 km lâns Techum

© ANP XTRA
In Ljouwerter (23) is tongersdei op de bon gien omdat er fierstente hurd ried. Hy waard trapearre op de N31 by de Ljouwerter wyk Techum. Wykbewenners kleie der oer dat dêr struktureel te hurd riden wurdt. Dêrom kontrolearret de plysje dêr geregeld.
De man út Ljouwert ried 135 km de oere, wylst 70 dêr de maksimumsnelheid is. Ut kontrôle die bliken dat de man gjin jildich rydbewiis hie. Dat wie ûnjildich ferklearre, omdat de man in kursus net betelle hie, dy't er ferplichte dwaan moatten hie omdat er betrape wie mei tefolle drank op.