Offearten feartsjinst oars fanwegen eastewyn en leech wetter

07 jan 2018 - 14:54

Yn ferbân mei leech wetter yn kombinaasje mei in eastewyn sil rederij Doeksen de fearboat fan moanteitemoarn fan Skylge nei Harns net om 7.00 oere mar al om 6.00 oere fare litte. Der feroaret neat foar de oare tsjinsten fan Doeksen moandei. 

Ek skipfeartûndernimming Wagenborg ferwachtet snein en moandei lêst te hawwen fan hurde eastewyn. Dêrtroch stiet it wetter yn de Waadsee leech. Dêrom hat Wagenborg fjouwer ôffearten tusken Holwert en It Amelân skrast.

De ôffeart fan It Amelân dy't foar snein 19.00 oere pland stie giet net troch. Ek de ôffeart fan in oere letter, fan Holwert, is troch Wagenborg derút smiten.

Neist twa ôffearten op snein, skrast Wagenborg der ek twa op moandei. It giet hjir om dy fan 8.30 oere fan It Amelân en dy fan 9.30 oere fan Holwert.

(advertinsje)
(advertinsje)