Favoriten troch op NK shorttrack, De Vries lêst fan ankel

06 jan 2018 - 16:58

Op de earste dei fan de NK shorttrack yn iisstadion Thialf op It Hearrenfean hawwe de Friezen Sjinkie Knegt, Itzhak de Laat en Dennis Visser harren op alle ôfstannen pleatst foar de finales. Dizzen wurde snein ôfwurke.

Fan de favoriten slagge allinnich Daan Breeuwsma der net yn om him te pleatsen foar de finale fan de 1.500 meter. Hy foel hast, bleau stean, mar einige wol as nûmer lêst yn syn foarronde.

Rianne de Vries fan Akkrum kaam net sûnder kleanskuorren troch de foarrondes. Se pleatste har wol foar de heale finale fan de 1.000 meter, mar krige yn ien fan de foarrondes fan de 1.500 meter lêst fan it ankel. Se kaam yn oanrekking mei Yara van Kerkhof dy't dêrfoar in penalty krige. De Vries gie troch nei de folgjende ronde, mar koe dizze net ride.

Letter op de dei pleatste De Vries har dus wol op de 1.000 meter, mar se gie noch wol nei it sikehûs foar foto's. Dêr die út bliken dat se gjin skea oprûn hie. "Dêr wie ik wol efkes bang foar. Doe't ik dizze simmer myn ankel bruts, tocht ik ek dat der neat mis wie. Gelokkich is it no goed", sei se. Snein stiet De Vries dan ek gewoan oan de start.

De oare Fryske topshorttrackster, Suzanne Schulting fan De Tynje, is siik en docht dit wykein net mei oan it NK.

Trefwurden: 
Rianne de Vries shorttrack NK
(advertinsje)
(advertinsje)