Eigner fynt stellen boat werom

08 jun 2012 - 10:22

Mei de oanhâlding fan in man út it Oeriselske De Bult en in jonge út Wolvegea hat de plysje de stellerij fan in fiskersboat oplost. De boat waard begjin juny stellen yn Langelille.

De eigener ried tongersdei troch Wolvegea en seach de twa fertochten dêr dwaande mei it himmeljen fan syn boat. Hy warskôge de plysje. Dy hat de manlju meinaam nei it buro. Ut ferhoaren hat bliken dien dat se har skuldich makke hiene oan heling fan de boat. Se ha proses-ferbaal krigen.

(advertinsje)
(advertinsje)