Jeroen Piek mei fjouwermansbobteam tredde by Europa Cup

06 jan 2018 - 15:54

It Nederlânske fjouwermansbobteam Team Holland Casino, mei dêryn ûnder oaren Jeroen Piek fan It Hearrenfean, einige sneon by de Europa Cup yn Eastenryk op it tredde plak. Op it earste en twadde plak einigen teams út Switserlân en de Feriene Steaten.

It tredde plak betsjutte in opstekker foar Piek en syn kameraden Ivo de Bruin, Janko Franjic en Bror van der Zijde, doe't dúdlik waard dat se harren net mear pleatse koene foar de Olympyske Spelen yn Pyeongchang. "Eindelijk zit het een keer mee en dat is ook wel eens prettig om op terug te kijken", sei De Bruin, de piloat fan it fjouwertal.

(advertinsje)
(advertinsje)