'Gaslek oarsaak eksploazje'

08 jun 2012 - 09:43

In gaslek hat nei alle gedachten de oarsaak west fan 'e eksploazje fan tongersdei yn Italië wêrby't in gesin út Wâldsein om it libben kaam is. Dat melde ferskate kranten fan freed. Neffens de kranten wie it hûs dêr't it gesin útfanhûze, net oansletten op it gasnet. Ien fan de gasflessen dy't brûkt waard soe mooglik lekt ha.

De oarsaak wurdt fierder ûndersocht. By de eksploazje yn Conversano kamen in man, in frou en har jonkje fan oardel jier om. Se wiene op besite by famylje. Fanwege it ûngelok is it doarpsfeest fan Wâldsein ôflast.

De tsjerke yn it doarp is sneon en snein ekstra iepen. Der lizze kondoleânseregisters.

(advertinsje)
(advertinsje)