Ter Keurs foarsitter Afûk

Eric ter Keurs, de boargemaster fan de gemeente Tytsjerksteradiel, is beneamd ta foarsitter fan it bestjoer fan de Afûk. Ter Keurs hat juridyske bestjoerswittenskip studearre yn Grins en wurket sûnt 1993 yn ferskate funksjes yn it iepenbier bestjoer. Sûnt 2004 wennet en wurket Ter Keurs yn Fryslân, earst as boargemaster fan Ljouwerteradiel en sûnt febrewaris dit jier as boargemaster fan Tytsjerksteradiel.