Regearjend kampioene Schulting net op NK shorttrack

06 jan 2018 - 14:02

Regearjend kampioene Suzanne Schulting fan De Tynje docht dit wykein net mei oan it Nederlânsk kampioenskip shorttrack. Schulting hat har fanwegen sykte ôfmelden foar it kampioenskip. Foarich jier wie se yn Amsterdam op alle fjouwer ôfstannen de sterkste. It wie doe har earste titel by in NK foar senioaren.

(advertinsje)
(advertinsje)