Brûns foar Marrit Leenstra op de 1.000 meter, De Jong fiifde

06 jan 2018 - 13:57

Marrit Leenstra hat op de 1.000 meter op de EK ôfstannen yn Kolomna de brûnzen medalje wûn. Leenstra ried 1.15.740. Foar Leenstra wie it it twadde brûns, nei it tredde plak fan freed op de 1.500 meter. It goud wie foar de Russise Yekaterina Shikhova yn 1.15.34, Vanessa Herzog pakte it sulver yn 1.15.44. Lotte van Beek waard fjirde yn 1.15.748 en Letitia de Jong kreas fiifde yn 1.16.34.

(advertinsje)
(advertinsje)