FNV:Metalfinishjild weromhelje

De direkteur fan it fallite Metalfinish yn Snits moat de 4,5 ton dy't hy oan it bedriuw ûntlutsen hat, werombetelje. Dat fynt fakbûn FNV-Bondgenoten. It fakbûn freget de kurator om út te sykjen oft de eigener dat samar dwaan mocht. As de man it jild net werombetelje kin, soe er strafrjochterlik ferfolge wurde moatte, fynt FNV Bondgenoten.
Metalfinish waard fan 'e wike fallyt ferklearre. Dat kaam foar de wurknimmers folslein ûnferwachte. De kurator ûndersiket op it stuit oft in trochstart mooglik is. De wurknimmers wurde freed bypraat.