Minne tiden foar Fryske reidsnijers

06 jan 2018 - 12:25

It binne minne tiden foar de reidsnijers yn natuergebiet de Rottige Meente yn de gemeente Weststellingwerf. De opbringst is al jierren net goed. It reid groeit minder hurd om't der te min fosfaat yn it wetter sit. Boppedat wurdt hieltyd mear goedkeap reid út Sina helle, wêrtroch it wurk finansjeel foar de reidsnijers minder goed út kin.

''It soe in minne saak wêze as it berop útstjert'', seit reidsnijer Fedde Mulder. ''Dat der sa goedkeap reid kocht wurde kin, dêr kinne wy net tsjin konkurrearje. Kwa berop en kwa natuer, soe it spitich wêze as ús berop ferdwynt.''

Trefwurden: 
reid reidsnije Rottige Meente
(advertinsje)
(advertinsje)